Geslaagd Snerttoernooi

Geslaagd Snerttoernooi

Hjoed mei Rik Moorlag it Snerttoernooi spile by Jeu De Boules Sneek. Ik hie permisje krigen fan myn bolmaatsje Ineke Hilverink om mei Rik te spyljen, om’t Rik en ik it toernooi foarich jier wûn hiene en we moasten dêrom de beker ferdigenje.

De earste 3 partijen gie it as it slydjage. 13-2, 13-2 en 13-0. Underwilens noch in hearlike kop snert met goed ynventaris en brea mei spek hân.

De 4e en 5e partij kamen we beide kearen efter te stean mar we koene troch taktysk goed spul dochs de winst nei ús talûke. 13-9 en 13-8.

Dêrmei wiene we toernooiwinner en mochten we it tige kreaze “snertpakket” klearmakke troch Diepvers Slagerij de Vries út Snits yn ûntfangst nimme.

En fansels mochten we de grutte wikselbokaal wer foar in jier mei nei hûs nimme. We hawwe in moaie bouledei hân. Rik tige tank foar it spyljen mei my.

Alle priiswinners fan herte lokwinske. In grutte plom foar de organisaasje. Hie hjoed gjin tiid om allegear kykjes te sjitten. Ik winskje jimme allegear alfêst in noflik wykein.

Mei freonlike groetnis út Boazum,

Bouwe Jan

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

*