Verslag en foto’s van het jubileumtoernooi 2026
Yn it jier 2026 fiert Jeu De Boules Sneek harren 40 jierrich bestean. Dêrom hiene we hjoed ús jubileumpartij. We waarden om 10 oere ûnthelle mei kofje en gebak. De foarsitter die in wurdsje en doe moasten der 3 partijen op tiid spile wurde. Alles waard 3x trochinoar lotte.
De 1e partij wie ik by Zwannie tsjin Berend en Wijtze Hoekstra. Dat waard in drege partij mar lokkich koene wy, mei troch goeie pleatsballen fan ús 91 jierrige Zwannie, de winst dochs nei ús talûke op de stân 13-9.
Yn’t middeisskoft wie der oergryslik lekkere sop mei broadsjes. Ek dit waard ús oanbean. It smakke poerbêst.
De 2e partij wie Thijs myn maat en we moasten tsjin Geke en foarsitter Jan Lamsma. Ik mei wol sizze it gie by ús as it slydjage. It wie samar 13-2. De tredde en lêste partij wie ik by Doutsen Boers en we moasten tsjin Karin en Korrie. Sy pakten samar in 3-0 foarsprong. Mar doe begûn it by ús te rinnen en binne we yn ien kear sûnder wer in punt fuort te jaan nei de 13 gien.
Doe’t alle spilers, 51 stiks, harren lêste boules smiten hiene waarden we traktearre op in skitterende neisit mei hearlike hapkes. Nei in hoartsje is wedstriidlieder Berend begûn mei de priisútrikking. It wie diskear in tafel tjokfol moaie prizen. Jo koene mar útsykje wat jo graach hawwe woene. En in moaiste wie, elts hie in priis. De útslach:
1e en toernooiwinner Bouwe Jan
2e Flip
3e Bennie
It wie in prachtige dei. In grut komplimint oan de jubileumkommisje en fierder alle frijwilligers. Der komme mear kykjes, mar dizze komme op de webside fan ús jeu de boulesferiening te stean. Op de kyk mei de 1e priis stean ik yn ús nije klupshirt. Dat sjocht der tige kreas út.
Klik hier: voor de foto’s: “prikbord”/ “Foto’s Jubileum”

